It Merakels Feestbist jierdje

19 oktober is it safier, dan is it Merakels Feestbist jierdje.

Woansdei yn’e Hjerstfakânsje is it grut feest yn Nylân.

Mar is eltsenien net op fakânsje, komme der wol bern op it feest?

 

Merakels is in Frysktalig berne teater spektakel foar bern fan 4 oant 10 jier.

Dizze Merakels draait hielendal om it teaterstik ‘It Feestbist’.

Dit is in muzikale foarstelling fan Teatergroep Knûkel út Warkum, mei poppen en muzyk.

Earst begjint de foarstelling, dan folgje der allegear leuke wurkwinkels , dêrnei einiget it ferhaal mei elkoar.Net ferjitte te kommen? Dit feest meie jimme net missen!